Cambuurfans krije jild werom

De Cambuursupporters dy't snein troch de rellen mei de Ajax-oanhing net by de wedstriid wêze koene krije harren jild werom. Cambuur jout de fans it folsleine bedracht fan 26,50 per kaart werom. Foar de minsken dy't mei de buskomby nei Amsterdam ta gien binne wurdt ek it jild foar de busreis fergoede. Cambuur organisearret in spesjale jûn foar de dupearre fans, op woansdei 19 maart. Se kinne dan op fertoan fan harren klupkaart it jildbedrach werom krije.