Earste ljipaai Fryske Marren
Johan en Richard Deinum út Balk binne de finers fan it earste ljipaai fan de gemeente De Fryske Marren. It aai waard moandeiteiddei krekt nei fjouweren fûn yn in stik greide by Bantegea. It ljipaai wurdt tiisdeitemiddei oanbean oan boargemaster Aalberts.