Sionsberg hat nij hertûndersyk

De kardiology-ôfdieling yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum kin yn de takomst ûnregelmjittige hertslagen earder sinjalearje. Dit kin troch it brûken fan in nije technyk, de saneamde "Stroke Risico Analyse". Dit nije apparaatsje wurdt brûkt yn kombinaasje mei in hertfilmke. Binnen in oere kin dan sjoen wurde oft der hiele lytse hertritmestoarnissen binne.
Gewoanwei wurde dizze ûnregelmjittichheden pas opmurken nei't in pasjint in beroerte hân hat. Troch it earder op te spoaren kin sa'n beroerte foarkaam wurde.