Minder klachten by fleanbasis

10 mrt 2014 - 15:55

Der binne yn 2013 minder klachten binnenkaam oer de fleanbewegingen by de fleanbasis yn Ljouwert. Dat stiet yn de jierrapportaazje fan de Keninklike Loftmacht. Lanlik sjoen is it oantal klachten wol omheech gien, mei goed 7%. De taname komt benammen troch mear definsjefluchten op Eindhoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)