Fee werom nei Thom de Groot

10 mrt 2014 - 15:54
  • De stâl is klear foar it fee

Biologysk boer Thom de Groot fan Goattum krijt tiisdei syn fee werom. Dat hat syn advokaat te hearren krigen. It fee waard heal febrewaris yn beslach naam, omdat de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit fûn dat it net goed fersoarge waard. Yntusken is de sitewaasje better en mei it fee werom.

Ferline wike bepaalde de rjochter dat De Groot wol de 12.500 euro betelje moat, dy't rekkene wurdt foar de opfang. De Groot is tsjin dat bedrach yn berop gien, omdat by in herkontrôle bliken die dat it fee wol sûn wie. Dêr is noch gjin útspraak oer.

Moandeitemoarn is de petysje mei goed 1000 hantekenings oanbean oan Lutz Jacobi, Twadde Keamerlid foar de PvdA. Sy sil de petysje oan steatssekretaris Dijksma jaan. Yn de petysje stiet dat it fee fan De Groot ûnterjochte meinommen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)