Gjin klacht tsjin plysje

10 mrt 2014 - 15:08
  • Plysje op Flyslân wurket kameraman tsjin

Ferslachjouwer Jaring Rispens sil foarearst gjin klacht tsjin de plysje yntsjinje. Dat is it resultaat fan it petear dat hy moandei mei de Fryske plysje hân hat. Dat wie nei oanlieding fan it ynsidint foarige wike op Flylân. In plysjeman makke Rispens doe it wurkjen ûnmooglik en bedrige him. Rispens hat ekskuzes fan de plysje krigen. Ek is der yntern nochris útlein hoe om te gean mei sjoernalisten.

Oer in healjier wol Rispens sjen oft de sitewaasje ferbettere is. It sjoernalistefakbûn NVJ pakt de saak lanlik op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)