Ferkearshinder op de A7

De A7 © Google Street View
Op de A7 tusken De Jouwer en It Hearrenfean is moandeitejûn tusken njoggen oere jûns en tiisdeitemoarn seis oere mar ien rydstrook beskikber. Rykswettersteat is dan mei de dyk oan 'e slach. De oprit nei Aldehaske (nr. 25) nei It Hearrenfean is boppedat ôfsletten.
Kommende woansdei wurket Rykswettersteat oan de A32 tusken It Hearrenfean en Wolvegea. Dêr is tusken woansdeitejûn tsien oere oant en seis oere tongersdeitemoarn mar ien rydstrook iepen. De oprit Hearrenfean rjochting Wolvegea (nr. 11) is ticht.