Crone bang foar gefolch rellen

10 mrt 2014 - 13:04

Boargemaster Crone fan Ljouwert is benaud dat de rellen fan snein yn Amsterdam grutte gefolgen hawwe sille foar Cambuur. Neffens him kinne de rellen der foar soargje dat Cambuur-supporters tenei altyd mei in ferplichte bus-komby nei útwedstriden moatte. Hie wie der wiis mei dat sa'n ferplichte regeling der snein net wie en dat elk mei eigen ferfier nei Amsterdam koe. Neffens him is dêr misbrûk fan makke.

By de rellen yn in sintrum fan Amsterdam waarden tolve minsken oppakt: tsien fan Cambuur en twa fan Ajax.

Neffens de plysje yn Amsterdam wiene benammen de Ajax-supporters oanstichters fan it geweld, mar Crone hâldt der bot rekken mei dat ek Cambuur-oanhingers harren misdroegen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)