Resultaat Wenoffinsyf falt ôf

It oantal huzeferkeapen fia it Wenoffinsyf fan provinsje, gemeenten, makelers en de bousektor falt bot ôf. It offinsyf rint no trije wike en der binne noch mar 110 huzen ferkocht. Foarôf hie it Wenoffinsyf as doelstelling 400 ferkeapen fêststeld. Keapers ha noch in wike de tiid om it oantal ferkeapen noch wat te ferheegjen. Op 15 maart komt der in ein oan it Wenoffinsyf en hâlde dus ek subsydzjes fan de provinsje op.
De huzeferkeap wikselet bot, yn Dokkum en op It Hearrenfean rint it goed, yn Bûtenpost en Stiens krekt hiel min.