Hope foar 'De Hoop' Aldegea-Sm

Der leit in nij plan om fan it eardere suvelfabryk De Hoop yn Aldegea Smellingelân in wen-wurklokaasje te meitsjen. Op de tekenings fan ûntwerper Jentsje Steegstra bliuwe de bûtenmuorren fan it eardere fabryksgebou oerein en wurde binnen wenningen en kantoaren realisearre.
Der wurdt al jierren praat oer herbestimming fan it bot fertutearze gebou. Mei de plannen hâldt it gebou syn útstrieling en moat it in blikfanger yn it doarp wurde foar toeristen dy't fia it wetter it doarp ynkomme.