Gaslek doarpshús Froubuorren

10 mrt 2014 - 11:56
  • Enexis

By de montaazje fan in kachel yn it doarpshûs yn Froubuorren ûntstie moandeitemoarn in gaslek. De haadkraan waard troch Enexis ôfsletten. De brânwacht fan Sint Anne konstatearre op de boppeferdjipping fan it doarpshûs in te hege konsintraasje gas.

Troch de romten te fentilearjen wie de situaasje gau ûnder kontrôle. Op it stuit fan it lek wienen der gjin minsken yn it doarpshûs oanwêzich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)