Special Olympics Fryslân fol

10 mrt 2014 - 08:51

Mei 2000 ynskriuwings is it maksimum oantal atleten foar de Special Olymics op It Hearrenfean en yn Snits berikt. Fan moandei ôf wurdt de ynskriuwing sletten. De atleten mei in ferstanlike beheining komme út hiel Nederlân en dogge mei oan ferskate sporten.

By de Special Olympics yn Fryslân sil foar it earst ek de sylsport op it programma stean. Foarôfgeand oan de Nasjonale Spelen wurde der in oantal demo-eveneminten organisearre. Sa kinne dielnimmers ynkoarten meidwaan oan in wedstriid fan it SKS-skûtsjesilen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)