Ferkiezings: Dantumadiel

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne fan moandei 10 maart ôf sân dagen lang op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Wat foar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen? De start is moandei yn de gemeente Dantumadiel en it giet dêr oer de weryndieling, ien fan de gemeentes dy't mooglik nije wike foar it lêst in nije ried kiest.
Hoefolle gemeenten binne der noch yn Fryslân yn 2018 by de folgjende ferkiezings? Dat hâldt in soad gemeenten en dêrmei politike partijen yn Fryslân dwaande. Foar tal fan dy gemeenten binne dit nei alle gedachten de lêste selsstannige ferkiezings. Hoe wurdt hjir nei sjoen yn Dantumadiel en wat betsjut dat foar de polityk en de ynwenners? It CDA is hjir foar weryndieling, oare partijen binne dêr net foar.