'Plysje ûnderskat supporters'

09 mrt 2014 - 21:08
  • De ME moast hurd yngripe
  • Aginten fielden har bot bedrige

De plysje fan Amsterdam hat de risiko's fan de wedstryd Ajax-Cambuur swier ûnderskat. Dat seit Cambuur-direkteur Gerald van den Belt. De wedstryd waard sjoen as feilich. Dat betsjut dat supporters mei eigen ferfier nei Amsterdam komme koene. Neffens Van den Belt liede dat der ta dat der folslein gjin kontrôle wie oer de groep.

Yn de binnenstêd fan Amsterdam wiene sneintemiddei al reltsjes. Cambuurfans soene dêr leuzen roppen ha wernei't oanhingers fan Ajax de konfrontaasje sochten.

De ME hat beide groepen útinoar helle en de Ljouwerters nei it stadion stjoerd. Dêr folge opnij in konfrontaasje mei de hurde kearn fan Ajax. De ME hat meardere kearen yngripe moatten en hat dêrby in soad geweld brûkt tsjin de Ljouwerters. Doe't it ek foar de yngong fan it útfak by de Arena út de klauwen begûn te rinnen wie it foar boargemaster Van der Laan fan Amsterdam tiid om de Cambuursupporters de tagong ta de Arena te ferbieden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)