Cambuur stunt mei 1-1 by Ajax

09 mrt 2014 - 18:21
  • In soad supporters koene de wedstriid net sjen
  • Wout Droste yn gefjocht mei Siem de Jong
  • De Amsterdam ArenA

SC Cambuur hat snein foar in stunt soarge troch mei 1-1 lyk te spyljen by Ajax. Yn de Amsterdam Arena kaam Cambuur al nei 2 minuten spyljen op efterstân troch in betide treffer fan Siem de Jong. Nei in goed healoere wie Mohamed El Makrini ticht by de lykmakker, mar syn kopbal gong njonken.

Nei rêst sette Martijn Barto de Ljouwerters op likense hichte troch in hoekskop fan Jody Lukoki binnen te koppen. Goede rêdings fan keeper Leonard Nienhuis en it noadige gelok soargen dat Cambuur it swierbefochten lykspul yn Amsterdam oer de streek luts.

De wedstriid giet de boeken yn as in wedstriid mei in tige grimmitige sfear om it stadion hinne. Hûnderten Cambuur-supporters mochten it útfak net yn, wêrnei't der om it stadion hinne grutte ûnrêst ûntstie. Dêrby foelen nei hearren en sizzen in oantal slachtoffers oan de kant fan de Cambuur-fans, dy't mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)