Krisis troch miskommunikaasje

Miskommunikaasje en in tekoart oan betrouwen is de oarsaak fan de bestjoerskrisis by skûtsje-organisaasje IFKS. Neffens foarsitter Willem Hoornstra hie de saak net út de hân rûn, as de ferskate partijen better mei-inoar praat hiene. Kandidaat-foarsitter Ab Borg waard sneon op de ledegearkomste troch de leden ôfstimd.
Dêrnei stelden alle bestjoersleden har funksje beskikber. Neffens de leden wie it net mear mooglik om mei in serieuze tsjinkandidaat te kommen en makke it bestjoer him skuldich oan manipulaasje. Hoornstra sprekt dat tsjin.
De diskusje op de ledegearkomste rûn sa út de hân dat IFKS-kampioen Sikke Heerschop royeard waard. Skûtsjeskipper Sikke Heerschop lit witte dat hy it tige spitich fynt dat hy sneon royeard is as lid. Fierder wol hy foarearst gjin kommentaar jaan. Op in ekstra gearkomste op 24 april komt de bestjoerskrisis opnij oan de oarder en kin eventueel in nij bestjoer keazen wurde, mar neffens ferskate IFKS-skippers hoecht it safier net te kommen.