Rembrandt-eksposysje yn Harns

Yn it Hannemahûs yn Harns binne sûnt dit wykein mear as 100 etsen fan Rembrandt te sjen. De etsen binne sammele troch Jaap Mulders. Noch nea wiene yn Noard-Nederlân safolle etsen fan Rembrandt te sjen. Der binne portretten, lânskippen en bibelske tafrielen te sjen. Ek Rembrandts Fryske frou Saskia van Uylenburgh stiet op de etsen.
Besikers krije mei in tablet yn de hân ekstra ynformaasje oer de etsen. Guon binne like grut as in postsegel, dêrom krije besikers ek in loep mei om alles goed bestudearje te kinnen.