Aris ûnderút by Den Helder

09 mrt 2014 - 14:55

De basketballers fan Aris binne sneontejûn mei 85-52 ûnderút gong yn en tsjin Den Helder. De Ljouwerters koenen yn de earste perioade noch knap bybliuwe mei 21-18. Yn de twadde perioade wie it krûd lykwols folslein damp by de ploech fan trainer Tom Simpson. Fierder as sân punten kaam Aris net, wêrtroch't Den Helder útrinne koe nei 38-25.

Ek yn it tredde en fjirde kwart wie de thúsploech fierwei de bettere partij. Mei de perioadestannen 30-15 en 17-12 luts Den Helder ienfâldich de oerwinning oer de streek.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)