IJlstra 40 jier dirigint

Bienze IJlstra
By it konsert fan it B-orkest fan de Bazuin fan Oentsjerk is sneontejûn stilstien by it 40-jierrich jubileum fan dirigint Bienze IJlstra. Famylje en freonen hiene yn de mande mei de Bazuin spesjaal foar de gelegenheid in muzykstik skriuwe litten troch komponist Rob Goorhuis. Ien fan de freonen kaam nei foaren om it kado op passende wize yn te lieden.
Dêrnei mocht dirigint IJlstra sels op de foarste rige sitten gean, om nei it wurk te harkjen, dat spile waard ûnder lieding fan in oare dirigint.