Dronken man yn ferkearde hûs

Plysje arrestaasje/oanhâlding © ANP XTRA
Yn Drachten wie dit wykein in man sá dronken, dat hy per ûngelok it ferkearde hûs yngien wie. De plysje fûn de man sneintemoarn betiid yn in wenning oan de Westerwird. Dat hûs is yn gebrûk by in stifting dy't dêr aktiviteiten foar de buert organisearret. De dronken man wie der neffens de plysje fan oertsjûge dat it syn eigen hûs wie.
Hy hie him lykwols fersind yn sawol it nûmer as de strjitte. De man siet yn de bykeuken, healneaken en ûnder it bloed. De man fan 28 jier is nei it plysjeburo brocht en yn de sel set.
De saak wurdt noch fierder útsocht.