Apollo Grou wint konkoers OMF

09 mrt 2014 - 11:04
  • Brassband Apollo fan Grou
  • Brassband Apollo ûnder lieding fan Piet Visser

Brassband Apollo út Grou ûnder lieding fan Piet Visser hat sneon it konsertkonkoers fan de OMF wûn. Dat waard hâlden yn de Lawei yn Drachten. It orkest út Grou wûn net allinnich de deipriis, mar waard ek ûnderskieden mei de Koraalpriis. Yn de rangskikking fan de dei waard Crescendo fan Drachten twadde. Concordia fan Drylts waard tredde.

Oan it konsertkonkoers diene alve brassbands en harmonyen mei; tsien út Fryslân en ien út Harderwyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)