De Vries wiis mei parsepriis

De Ljouwerter hoareka-ûndernimster Baukje de Vries fynt it in eare dat se de parsepriis wûn hat. Dat sei se sneon by it oerlangjen fan de priis. De parsepriis giet nei in persoan dy't it ôfrûne jier yn it nijs west hat en dêrby de parse net opsocht, mar ek net út de wei gie. De Vries ferlear har hûs mei alles der yn by de grutte brân yn it sintrum fan Ljouwert.
Altyd wannear't dat frege waard stie se sjoernalisten te wurd. Baukje de Vries seit dat se graach it nijs folget. Sy fynt dat se dêrom ek iepen wêze moat as it oer harsels giet.