'Snein waarmterekôr'

It kin snein wolris de waarmste njoggende maart ea wurde. Dat ferwachtsje de waarmannen John Havinga en Piet Paulusma fan Omrop Fryslân. Oant no ta stiet it rekôr op 9 maart 1977, mei in temperatuer fan 18,4 graden yn De Bilt. Dy temperatuer wurdt snein yn Fryslân net helle, ferwachtet John Havinga. Hy hâldt rekken mei 17 oant 18 graden. Yn it Waadgebiet bliuwt de temperatuer om de 14 graden hingjen.
De waarmte fan snein komt troch in súdlike streaming. Der is de hiele dei folop sinne, sa is de ferwachting.
Moandei en tiisdei is it wol wat kâlder, mar dêrnei rinne de temperatueren wer op.