Stroomsteuring Easterwâlde

09 mrt 2014 - 08:38

Fiif strjitten yn Easterwâlde hawwe sneontejûn en yn de nacht fan sneon op snein sûnder stroom sitten. De steuring begong om goed alve oere en duorre mear as trije oeren. It gong om de Klazingawei, 't Oost, de Veenhofwei, Weper en Nanninga. Wat de oarsaak fan de steuring krekt wie, is noch net bekend, sa skriuwt netwurkbedriuw Liander op de website.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)