LDODK bliuwt op heechste nivo

08 mrt 2014 - 23:54

LDODK heart ek takom seizoen by de bêste tsien kuorbalploegen fan Nederlân. De Gordyksters wûnen sneon de krusjale wedstriid tsjin OVVO mei 28-20. Dêrtroch is LDODK wis fan it feilige achtste plak yn de kuorbal league en moat OVVO as de nûmer njoggen promoasje/degradaasje duels spylje. Nic út Grins is degradeard. By it skoft stie LDODK mei 14-6 foar, mei in haadrol foar Markus de Boer mei fiif treffers.

Yn de twadde helte kaam de oerwinning net mear yn gefaar. Erwin Zwart wie mei 9 goals de tûkste, mar alle LDODK-ers wisten te skoaren.

Trefwurden: 
LDODK OVVO kuorballeague
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)