Bestjoerskrisis by IFKS

08 mrt 2014 - 17:12
  • IFKS

Alle bestjoersleden fan de IFKS hawwe sneon op de ledegearkomste yn Heech har funksje ter beskikking steld. Op de gearkomste soe in nije foarsitter keazen wurde as opfolger fan Willem Hoornstra. Der wie lykwols gjin mearderheid foar de Drachtster Ab Borg, de kandidaat fan it bestjoer.

Der wie frijwat reboelje op de gearkomste. Ferskate skûtsjeskippers lieten op de gearkomste dúdlik wite dat de proseduere foar it beneamen fan in nije foarsitter harren net noaske. Sy neamden de proseduere sels 'ûndemokratysk'.

As lêste die hat it âlde bestjoer noch op de gearkomste skipper Sikke Heerschop skorst. It giet neffens ôftredend foarsitter Hoornstra om in foarnommen royemint. Heerschop soe besocht hawwe om de gearkomste te manipulearjen troch mei 50 folmachten meistimme te wollen op basis fan allinnich syn eigen hantekening.

Neffens Hoornstra mankearde der neat oan de proseduere foar de nije foarsitter. Leden koene oant 48 oeren foar de gearkomste in tsjinkandidaat oanmelde, mar fan dy mooglikheid waard gjin gebrûk hawwe. It ôftredende bestjoer sil in nije ledegearkomste útskriuwe. Dat bart nei alle gedachten yn april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)