Drachtster Boys wint mei 1-0

Drachtster Boys hat sneon in 1-0 oerwinning pakt op Go Ahead Kampen. Yn Kampen sette Aziz Geyik de Drachtsters yn de 35e minút op foarsprong. Nei rêst hie dyselde Geyik ek de 2-0 op de skoech, mar dit kear waard syn skot keard troch de keeper. Yn in spannende faze wist de ploech fan trainer Fred de Boer de oerwinning úteinlik oer de einstreek te lûken.
Troch de winst komt Drachtster Boys op 24 punten út 18 wedstriden, goed foar it sânde plak yn de sneonshaadklasse C.