Djoer ferlies Harkemase Boys

Harkemase Boys hat sneon mei it 1-0 ferlies fan CSV Apeldoorn djoere punten lizze litten yn de jacht op koprinner ACV. Op sportpark De Bosk kamen de Harkiten nei in kertier spyljen op efterstân. Johnsen Bacuna wie tichtby de lykmakker, mar syn skot waard keard. Heine Uuldriks hie op slach fan rêst de lykmakker op 'e skoech, mar hy skeat oer.
Nei rêst sette de ploech fan trainer Willem Brouwer alles op alles om lykmakker op it boerd te setten, mar it ûntbruts de Harkiten oan skerpte yn de ôfrûning.
Harkemase Boys bliuwt troch it ferlies stykjen op 37 punten út 19 wedstriden en stiet dêrmei twadde yn de sneonshaadklasse C. Koprinner ACV wûn mei 1-0 fan DETO en ferrommet dêrmei de foarsprong nei 6 punten.