ONS ferliest by Noordwijk

08 mrt 2014 - 16:30

ONS Boso Snits hat sneon mei 3-0 ferlern fan Noordwijk. Yn Noordwijk kaam de ploech fan trainer Bert Hollander der de earste 20 minuten net oan te pas. Nei 7 minuten spyljen makke thúsploech de 1-0. Yn de 19e minút wie it op 'e nij rekke foar Noordwijk. Pas yn it slot fan de earste helte wist ONS mei Tjisse Kerkstra en Jurjen Bosch wat gefaarliker te wurden.

Yn de twadde helte smiet de thúsploech yn de 77e minút de wedstriid yn it slot mei de tredde Noordwijkse treffer.

De ploech fan trainer Bert Hollander bliuwt troch it ferlies stean op 32 punten út 23 wedstriden, goed foar it 10e plak yn de sneonstopklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)