Manu twifelgefal tsjin Ajax

08 mrt 2014 - 14:33

Elvis Manu is noch in twifelgefal yn de útwedstriid tsjin Ajax. De Cambuur-spits rekke sneon blessearre by de lêste training, mar kin snein mooglik dochs yn aksje komme. Slagget dat net, dan is Bob Schepers nei alle gedachten syn ferfanger.

Fierder is de seleksje fan de Ljouwerters sa goed as fit. Ramon Leeuwin hat noch altyd wat lêst fan de ljisk, wêrtroch't der noch in fraachteken efter syn namme stiet. Michiel Hemmen traint wer folop mei en is ynsetber. Erik Bakker komt net yn aksje troch in blessuere oan it ankel.

De Ljouwerters sille der alles oan dwaan om te stunten yn de útwedstriid tsjin Ajax. 'Wy sille ús hûd djoer ferkeapje', liet assistent-trainer Henk de Jong witte. Mar lestich wurdt it al, want Cambuur wist noch net in útwedstriid te winnen en Ajax is al 14 wedstriden op rige net ferslein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)