De Jong wint 1000 meter

08 mrt 2014 - 14:23

Antoinette de Jong hat sneon de 1000 meter wûn by it wrâldkampioenskip allround foar junioaren. De Jong wie yn it Noarske Bjugn de rapste yn in tiid fan 1.18,82. Se wist Melissa Wijfje (1.19,46) en Sanneke de Neeling (1.20,51) foar te bliuwen. Dêrmei stie der in folslein Nederlânsk poadium op de 1000 meter.

Antoinette de Jong giet oan de lieiding yn it algemien klassemint. Mei allinnich noch de 3000 meter te gean moat Melissa Wijfje rom 3 sekonden goed meitsje wol se De Jong noch foarby gean. De Russise Yelizaveta Kazelina stiet tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)