Bergsma klear mei teampursuit

© ANP
Jorrit Bergsma is klear mei de ploege-achterfolging. Dat meldt De Telegraaf sneon. Dêryn seit de BAM-rider dat er syn nocht hat en foarearst net mear meidocht oan de teampursuit. Bûnscoach Arie Koops hoecht net mear by him oan te klopjen, sa stiet yn de krante te lêzen.
Nije wike stiet der by de wrâldbekerfinale op It Hearrenfean wer in ploege-achterfolging op it programma. De bûnscoach sil nei dit wykein syn seleksje bekend meitsje. By de Olympyske Spelen yn Sotsji luts Bergsma him op it lêste momint werom út de ploech.
Dat soarge foar in soad ûnrêst. Neffens Koops sil er ynkoarten yn petear mei Bergsma, om nei eigen sizzen 'de kou uit de lucht te nemen'.