Ynbrekker betrape yn Ljouwert

08 mrt 2014 - 11:33

De bewenster fan in hûs yn de Ljouwerter wyk Tjerk Hiddes hat freedtejûn in ynbrekker op 'e die betrape. Doe't se thús kaam, seach se de foardoar iepenstean. Eefkes letter draafde in man nei bûten. Hy hie in tas út de wenning meinaam en naaide hurd út.

De plysje hat noch nei de man socht, mar koe him net mear fine. Yntusken hat de plysje ek buertûndersyk dien. Wat der krekt fuort is, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)