Liudger iepenet nij skoalgebou

07 mrt 2014 - 18:52

Yn Drachten is it nije skoallegebou fan csg Liudger de Raai freed offisjeel iepene. Havo- en VWO-learlingen en har dosinten hawwe it gebou al yn jannewaris yn gebrûk nommen. Yn de bouperioade hawwe se twa jier lang lessen folge yn de âlde MAVO oan de Splitting en de eardere LTS oan de Boargemaster Wuitewei yn Drachten.

De nije skoalle is boud op it terrein fan it eardere Ichtus College dat yn 2012 sloopt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)