Ireen Wüst oppermachtich

Ireen Wüst © ANP
Ireen Wüst, Frysk sportfrou fan 2013, hat mei in nij baanrekôr de 1500 meter yn Inzell wûn. By de wrâldbekerwedstriid sette Wüst 1.54.03 op de klokken. Lotte van Beek waard twadde yn 1.54.70, Brittany Bowe fan Amearika tredde yn 1.55.06. Marrit Leenstra helle net in topklassearring, se waard njoggende yn 1.56.79. Wüst giet ek oan de lieding yn it klassemint op de 1500 meter.
De 500 meter waard wûn troch Heather Richardson yn 37.85, foar Judith Hesse yn 37.86 en Olga Fatkulina 37.89. Margot Boer kaam út op it sechsde plak mei 38.11, Thijsje Oenema waard njoggende yn 38.17 en Anice Das trettjinde yn 38.66.