Fryslân yn Geörgyske suvel

07 mrt 2014 - 17:51

Geörgië wol mei Fryske help in folslein nije suvelsektor fan de grûn tille. Yn it East-Europeeske lân is kwalik molkeproduksje en ymportearret men foaral út Ruslân wei. Mei help fan it Fryske advysbedriuw The Friesian wol Geörgië dêr feroaring yn bringe.

Sa moatte der fjouwer oant fiif grutte melkfeehâlderijen komme. Foar The Friesian giet it om in opdracht fan inkelde miljoenen. Ein dit jier gean de earste tûzen kij nei Geörgië.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)