Ekskús fan plysje

07 mrt 2014 - 16:52
  • Plysje Flylân wurket kameraman tsjin

De plysje biedt ekskús oan foar it ynsidint tongersdei op Flylân mei freelance Omrop Fryslân kameraman Jaring Rispens en de eilanner sjoernalist Dirk Bruin. Sy woene in opgroeven seemyn filmje, mar waarden tsjinhâlden troch in plysjeman. Toeristen en oare bewenners mochten wol gewoan trochrinne. De diskusje dy't dêrop folge rûn folslein út 'e hân. De plysjeman sloech de kamera út de hannen fan de eilânbewenner en ek waard it materiaal fan Rispens fêstpakt.

Dat kin perfoarst net seit Sylvia te Wierik, de plysjesjef fan Fryslân.

Rispens lit it der net by sitte, hy tsjinnet dochs in klacht yn oer it ynsidint. Ek eilanner Dirk Bruin sil dat dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)