'Belangstelling foar pleatsen'

Der is noch altyd in soad belangstelling foar Fryske boerebedriuwen. Dat seit agrarysk makeler Marten Groothof út Lippenhuzen. Hy is dan ek fernuvere oer it ûndersyk fan de Wageningen Universiteit oer de driigjende leechstân. Neffens it ûndersyk soene der yn de kommende 15 jier hûnderten pleatsen leech komme te stean. Al mei al soe it gean om in pear hûnderttûzen kante meter oan boerebedriuwen dy't yn 2030 net langer brûkt wurde. Groothof leaut dy sifers net. Neffens him is der in soad belangstelling fan bûten Fryslân.