De Jong nimt de lieding op WK

Reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum stiet nei twa ôfstannen boppe-oan yn it klassemint op it WK foar junioaren yn Bjugn yn Noarwegen. Op de 500 meter waard se twadde yn in tiid fan 40.20 sekonden. Ek op de 1500 meter waard De Jong twadde. Se ried hjir in tiid fan 2.01.71. Melissa Wijfje klokte hjir de rapste tiid: 2.00.65. Dat betsjutte ek goud en sulver op de 1500 as ôfstân. Yn Noarwegen wurdt sawol in WK ôfstannen as it allroundtoernoai riden. It allround toernoai duorret oant moarn, it WK ôfstannen rint noch oant snein.