Jild tsjin oerlêst jongerein

07 mrt 2014 - 15:30
  • It jeugdhonk

De gemeente Eaststellingwerf hat rom 21 tûzen euro oan de stifting Scala jûn. Hjirmei hoopje se de oerlêst fan jongerein yn Haulerwyk tsjin te gean. Fan it jild sil de stifting, dy't in soad dwaande is mei jongerein, soargje dat it jeugdhonk yn Haulerwyk langer iepen bliuwt.

Ek sil de jongereinwurker fan it doarp faker oan it wurk wêze. It binne previntive maatregels. Op it stuit falt it neffens wethâlder Engbert van Esch fan Eaststellingwerf ta mei de oerlêst yn Haulerwyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)