Djoere dekhynst stellen

By Dekstasjon Gaasterland yn Aldemardum is yn de nacht fan tongersdei op freed in djoere dekhynst stellen. It giet om Alke 468, in hynst mei in wearde fan goed fjouwer ton. It is foar it earst dat by it dekstasjon in hynst stellen is. Neffens stasjon-eigener Eppinga kinne de dieven lykwols neat mei it bist, omdat alle gegevens en alle papieren noch by him binne.
Eppinga fergeliket it dan ek mei it stellen fan in djoer skilderij, ek soks falt net te ferhanneljen. Hy hat oanjefte dien by de plysje. Dy ûndersiket de saak.