PBS foar fertochte moard

07 mrt 2014 - 14:13

De 52-jierrige Ada S. út Boxmeer, dy't fertocht wurdt fan it fergiftigjen fan har twa echtgenoaten, moat observearre wurde yn it Pieter Baan Sintrum. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert freed besletten. In psycholooch hie it advys jûn om te ûndersykjen oft har psychyske tastân mooglik in rol spile hat by de saken dêr't se fan fertocht wurdt.

Har earste man ferstoar yn 2004, har twadde man út Frjentsjer, yn 2012. De famylje krige twifels by syn hommels ferstjerren. Yn novimber waard de frou oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)