Mishanneling: Lemster oppakt

07 mrt 2014 - 12:41

De plysje hat in 25 jierrige mân oanhâlden foar de mishannling fan in oare Lemster. De plysje krige tiisdei 25 febrewaris in melding dat der bloed op de ruten fan in hûs sieten en trof binnen in slim ferwûne 39-jierrige man oan.

De fertochte is ferline wike freed oanhâlden en sit op it stuit noch fêst. De plysje slút net út dat der mear dieders binne. It slachtoffer is op it stuit wer út is sikehûs. Hy hie swiere ferwûnings oan syn gesicht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)