Miljoen foar suveloplieding

07 mrt 2014 - 11:39
  • Deputearre Kramer mei de sjek

De provinsje Fryslân hat goed 1,3 miljoen euro beskikber steld foar opliedings yn de suvel. Deputearre Johannes Kramer oerlange freed de sjek oan Van Hall Larenstein foar it opliedingsynstitút.

Yn Fryslân wurkje ferskate (hege)skoallen gear mei suvelbedriuwen, gemeenten en provinsje om goed personiel leverje te kinnen foar de nije suvelfabriken dy't op dit stuit op It Hearrenfean boud wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)