It Bilt: 'Fout leit by PostNL'

07 mrt 2014 - 11:29

Tsien húshâldings yn de gemeente It Bilt hawwe tongersdei in ferkearde kandidatelist foar de gemeenteriedsferkiezings krigen. Dat seit boargemaster Gerrit Krol. Yn stee fan de list mei kandidaten fan It Bilt hiene minsken de listen fan gemeente De Bilt yn Utrecht yn hannen. De flater waard tongersdeimiddei yn Sint Anne ûntdutsen.

Krol seit dat de flater by PostNL yn Utrecht leit. Der binne yn Utrecht gjin kandidatelisten fan de Fryske gemeente bedarre. Ek yn Dantumadiel is in flater makke mei de besoarging fan kandidatelisten.

Op syn minst trije adressen yn Feanwâlden krigen de list fan Tytsjerksteradiel yn de bus. Ek hjir wurdt de flater sa gau as mooglik by-makke, hat PostNL tasein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)