Pro forma oer moardsaak

07 mrt 2014 - 10:21

In 53-jierrige frou út Boxmeer moat freed foarkomme yn de rjochtbank fan Ljouwert. Se wurdt derfan fertocht dat se twa manlju om it libben brocht hat. Beide manlju hiene in relaasje mei de frou. De earste yn 2004 yn Enkhúzen, de twadde yn 2012 yn Frjentsjer. De frou waard yn novimber ferline jier oanhâlden op fertinking fan moard en oplichting. It giet freed om in pro formasitting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)