Nije teams by sinneboatrace

Sinneboatrace komt oan yn Ljouwert (yn eardere edysje) © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Fjirtjin bûtenlânske teams dogge dit jier mei oan de Dong Energy Solar Challenge. Der docht dit jier foar it earst in team út Yndonezië mei. Dêrneist komme ploegen út Amearika, Poalen, Finlân, Turkije, Sina en Brazilië. Ek de winner fan ferline jier, Team Gowrings Energy, docht dit jier wer mei.
De sinneboatrace start sneon 28 juny yn Grins. In wike letter komme de boaten oer de einstreek yn Ljouwert.