Flater kandidatelist It Bilt

© ANP
Ynwenners fan It Bilt krigen tongersdei wol in hiele nuvere kandidatelist foar de gemeenteriedsferkiezing troch de bus. Yn plak fan de list mei kandidaten fan It Bilt hienen se de listen fan gemeente De Bilt yn Utrecht yn hannen.
De flater waard yn Sint Anne ûntdutsen. De gemeente wit noch net krekt by hoefolle minsken de ferkearde list op 'e matte fallen is. De listen binne lânsbrocht troch PostNL. Wêr't de flater makke is, wurdt noch ûndersocht. Yn it Utrechtse De Bilt binne noch gjin ferkearde listen sinjalearre.