Plysje wurket kameraman tsjin

Freelance-korrespondint Jaring Rispens fan Omrop Fryslân is op Flylân tsjinwurke en bedrige troch de plysje. Hy wie op it eilân om in opgroeven seemyn te filmjen, mar waard tegearre mei in filmjende eilânbewenner tsjinholden troch in plysjeman. Toeristen en oare bewenners mochten wol gewoan trochrinne.
De diskusje dy't derop folge rûn folslein út de hân. De plysjeman sloech de kamera út de hannen fan de eilânbewenner en ek waard it materiaal fan Rispens fêstpakt. De plysjeman drige it guod fan de bewenner ôf te pakken of stikken te meitsjen.
De plysje Noard-Nederlân lit yn in reaksje witte dat it gedrach fan de plysjeman der fier by troch is. De direksje fan de plysje wol no mei de belutsen plysjeman en mei Rispens yn petear oer it ynsident.