Suzan Bosch nije Wâlddichter

De earste doarpsdichter Sytse van der Werf, Ate Grypstra en Suzan Bosch © Gemeente Achtkarspelen
Suzan Bosch út Bûtenpost is de kommende twa jier Wâlddichter fan Achtkarspelen. Bosch is de opfolger fan Ate Grypstra, dy't sûnt 2012 gemeentedichter wie. Tongersdei sleat Grypstra syn perioade ôf mei de presintaasje fan syn dichtbondel ‘As deldwarreljende jiske’, dêr't syn 16 gedichten ynsteane dy't er foar de gemeente skreau.